” In wetterticht idee”
Dy’t belutsen wiene by de produksjeAlke Burgerjon
Jeannette Westra
Koos Schaap
Thijs van der Veen
“In Wetterticht idee”
Koarte ynhâld;
Tessie en Roel bate tegearre it sûnensynstitút Snödeflöt út. It ynstitút is basearre op hieljen boarnewetter út de lyk neamde boarne yn Sweden. Mar is it allegearre wol suvere kofje? Jo taapje wat wetter út de kraan, wat kninefoer, amers fol mei nivea krêm en in waachskaal. Jo jouwe dat alles djoere nammen, klaaie it gehiel wat moai oan en jo hawwe in sûnensynstitút earste klasse. De gasten betelje in fermogen om harren kilo‘s kwyt te reitsjen, de sinten ferdwine nei de rekken fan de eigners. Sa kriget elts wat er wol. Mar wat as guon gasten erchtinkend wurde? En dan komt der ek noch alhiel ûnferwachts in sjoernaliste op besite om in stik oer it fantastyske ynstitút en dy mysterieuze boarne ‘Snödeflöt’ yn Sweden te skriuwen,…..
Wolle jimme witte hoe as it allegearre ôfrint? Wy winskje jimme in soad sjochnocht!
blijspul fan Lieke M. Faber-de Groot
Fryske oersetting fan Gurbe Dijkstra